Snits Wyt Swart hurd ûnderút

25 nov 2012 - 16:54
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Topklasser Snits Wyt Swart is snein hurd ûnderút gong tsjin koprinner Achilles '29. Yn Groesbeek waarden de Snitsers mei 6-0 nei hûs ta stjoerd. Yn de earste helte wisten de Snitsers de skea te beheinen oant 2-0.

Yn de twadde helte profitearre de koprinner optimaal fan de wiksel fan helten. Mei de wyn yn de rêch wie it ynrjochtingsferkear, wêrby't Snits-keeper Kevin van der Meulen it swier te ferduorjen krige. Fan 2-0 rûn Achilles ienfâldich út nei in romme oerwinning. It is it tolfde ferlies foar de ploech fan trainer Johan Groote.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)