Snits Wyt Swart hurd ûnderút

27 okt 2012 - 23:43

Sneinstopklasser Snits Wyt Swart hat sneontejûn de útwedstriid by JVC Cuijk kânsleas mei 5-0 ferlern. De thúsploech stie troch Dennis Schouten al nei trije minuten op foarsprong. Mehmet Dingil soarge mei trije doelpunten op rige foar de 4-0 stân by it skoft. Achmed el Allachi wie de iennichste skutter yn de twadde helte. Snits Wyt Swart bliuwt stiif ûnderoan yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)