Snits Wyt Swart ferliest fan VVSB

19 mrt 2016 - 21:27
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat de wedstriid tsjin VVSB sneontejûn ferlern mei 2-0. De Friezen moasten seis basisspilers misse en koenen dêrom oanfallend net folle klearspylje. Yn de 44ste minút skoarde Tommy Bekooij foar de ploech út Noordwijkerhout. Yn de slotfaze krige Jordy Zwart fan VVSB in reade kaart en moast de ploech mei tsien man fierder spylje. Yn de 87ste minút skoarden de gasten nochris troch in goal fan Van Niel nei in flater fan Snits keeper Kevin van der Meulen.

De Snitsers ha hurd wurke, mar binne der úteinlik net foar beleanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)