Snits Wyt Swart ferliest

17 okt 2010 - 16:23

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat mei 1-0 fan koprinner HSC '21 út Haaksbergen ferlern. Yn 'e earste helte wie HSC folle better as Snits. Der wiene in protte kânsen, mar mei it skoft stie de 0-0 noch op it skoareboerd.

Yn de twadde helte waard in spiler fan HSC fan it fjild stjoerd mei in reade kaart. Dêrnei makke Jordi van Ek de winnende treffer foar de ploech út Haaksbergen. Snits Wyt Swart hat twa punten út sân wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)