Snits Wyt Swart ferliest

11 okt 2009 - 16:18

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart rûn op it eigen fjild tsjin de twadde nederlaach fan it seizoen op. Alcides út Meppel wûn mei 2-0 fan de Snitsers. Yn de 48e minút fan de earste helte kaam Alcides op in 1-0 foarsprong.

Yn de twadde helte gong Snits Wyt Swart op syk nei de lykmakker en krige ek wol kânsen. Yn de blessueretiid makke Alcides de 2-0. Snits Wyt Swart hat no acht punten út seis wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)