Snits Wyt Swart dielt punten

18 mrt 2012 - 16:32
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat snein mei 1-1 lyk spile tsjin koprinner Be Quick 1887. In flater yn de Snitser ferdigening soarge der nei 16 minuten spyljen foar dat de Grinzers op in 1-0 foarsprong kamen.

Yn de twadde helte kamen de Snitsers dan dochs op likense hichte. Robin Huisman de Jong koe nei in knappe hoekskop fan Kevin Huitema de bal by de twadde peal binnensjitte. De lykmakker soarge foar nij libben by de Snitsers. Mei noch 10 minuten op 'e klok krige Ramon Giro Batalla de kâns op 2-1, mar de spits fersomme te skoaren.

Snits Wyt Swart bliuwt troch dit lykspul yn de sneinshaadklasse C op it tredde plak stean mei 31 punten út 17 wedstriden. Koprinner is noch altyd Be Quick 1887, dy't in wedstriid mear spile hat. Op it twadde plak stiet Alcides mei 36 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)