Snits Wyt Swart Boso mei 2-0 ûnderút tsjin EVV

13 mrt 2016 - 17:00
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits is snein yn de topklasse tsjin in sneue 13e nederlaach fan it seizoen oanrûn. Yn Echtyn Limboarch ferlearen de Snitsers mei 2-0 fan EVV. Se kamen al nei 10 minuten op in 1-0 efterstân.

De ploech fan trainer Berry Zandink seach in reade kaart foar Adnan Jarjour, nei't hy de trochbrutsen Evelein fan EVV ûnderút helle. EVV koe lykwols lang net profitearje fan de numerike mearderheid op it fjild. De kânsen wiene yn de einfaze foar Snits Wyt Swart, mar de 1-1 woe der mar net yn. 

Uteinlik makke EVV dien wurk, it wie opnij Schröder dy't skoarde en de einútslach op 2-0 bepaalde.

Troch it ferlies bliuwt Snits Wyt Swart 14e mei 16 punten út 21 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)