Snits Wyt Swart bliuwt lêste nei ferlies by USV Hercules

03 apr 2016 - 16:06
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart is der net yn slagge om trije punten te pakken tsjin USV Hercules. Yn Utrecht waard mei 4-1 ferlern, wêrtroch de ploech fan trainer Berry Zandink noch hieltyd net út 'e degradaasjesoargen is yn 'e topklasse. Yn de earste helte kaam Hercules fia Tyron Fonville op foarsprong. Nei it skoft ferdûbele Fonville de skoare. Erolind Derguti wie dêrnei mei in frije trap op 'e latte ticht by de oanslutingstreffer, mar de goal foel oan 'e oare kant: 3-0. Erik Nederhoed rêde de ear foar Snits: 3-1. Thomas Reynaers makke der noch 4-1 fan.

Troch de nederlaach bliuwt SWZ Boso Snits op it lêste plak stean yn de topklasse. It gat mei de nûmer ien nei lêst OJC Rosmalen is ien puntsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)