Snits wol jild fan hoareka ha

15 okt 2008 - 11:44

De hoarekagelegenheden yn it sintrum fan Snits moatte mooglik meibetelje oan de kosten fan de Snitser_Simmer. It muzykevenemint dat alle sneintemiddeis yn juny organisearre wurdt, kostet in soad jild. Der is dit jier troch oare eveneminten in tekoart ûntstien fan 50.000 euro.

It gemeentebestjoer soe graach sjen dat de hoareka meibetellet oan de Snitser Simmer. Undernimmers hawwe der profyt fan om't se ek ekstra omset draaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)