Snits wint silerij by Starum

06 aug 2011 - 17:10

Snits hat sneon it skûtsjesilen op 'e Iselmar by Starum wûn. De Snitsers wiene de hiele wedstriid al goed op dreef. Se leine de hiele tiid op kop. Twadde en tredde waarden It Hearrenfean en de Súdwesthoeke.

Yn it klassemint stiet Snits ek boppe-oan. Earnewâld is twadde en Drachten tredde. De Súdwesthoeke stiet op it sânde plak. Lêste is it skûtsje fan Huzum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)