Snits wint op Starum

27 jul 2013 - 16:56

It skûtsje fan Snits hat sneon de SKS-silerij op Starum wûn. De Snitsers wûnen freed ek al de silerij. Fanwege de swiere buien wie de start sneon goed in oere útsteld. De Sneker Pan kaam goed út de start en koe útrinne. It skûtsje fan Douwe Visser hie de gong deryn en waard al 'De Fleanende Fries' neamd. Wâldsein einige op it twadde plak, folge troch Langwar.

De oare útslaggen wiene: 4. Grou, 5. It Hearrenfean, 6. De Jouwer, 7. Starum, 8. Drachten, 9. De Lemmer, 10. Earnewâld, 11. Heale Moanne, 12. Ljouwert, 13. Huzum en 14. Boalsert

Boalsert krige 14 strafpunten. Boppedat krigen se 3 net ôflûkbere punten fanwege it finishen mei in griene flagge. Dy hysten se om ta ta jaan dat se it protest fan Langwar terjochte fûnen en harren ferlies namen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)