Snits wint fan Rheden

20 apr 2008 - 16:25

Sneinshaadklasser Snits hat op it Sudersportpark yn it eigen wenplak fan Rheden wûn. Yn in benammen oantreklike earste helte makke Freerk_de_Jong de 1-0. Theo_Ydema soarge foar it skoft foar in 2-0-foarsprong foar Snits.

Yn de twadde helte gong de wedstriid út as in nachtkears. Snits fûn 2-0 genôch en Rheden wie net by machte om wat oan 'e stân te feroarjen. De stân bleau stean op 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)