Snits wint; De Jouwer spilet lyk

05 nov 2006 - 16:33

Sneinshaadklasser Snits hat yn Meppel mei 5-0 wûn fan hikkesluter MSC. Luitzen Brink soarge yn de 13e minút foar in 1-0 foarsprong. Yn 3 minuten tiid soargen deselde Brink en twa kear Dennis Schat foar in 4-0 foarsprong by it skoft. Yn de twadde helte makke Edgard Antonides der 5-0 fan.

De Jouwer spile op eigen fjild 1-1 lyk tsjin Babberich. Nei in 1-0 efterstân makke Johnny Dölle yn de 77e minút fan de twadde helte de lykmakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)