Snits wint, de Jouwer gelyk

18 okt 2005 - 09:23

Yn de sneinshaadklasse C hat Snits goede saken dien troch mei 1-0 te winnen fan Appingedam. Snits hie al trije kear op rige ferlern en wie wol wer ta oan in oerwinning. Age Hains Boersma wie de doelpuntemakker foar de Snitsers.

De Jouwer spile mei 1-1 lyk tsjin Rohda Raalte. Yn in minne wedstriid foelen beide goals nei it skoft. Rohda kaam op foarsprong, mar Ronnie Nolles besoarge de Jouwer dochs noch in punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)