Snits wint; De Jouwer ferliest

14 nov 2005 - 09:19

Haadklasser Snits wûn yn Geesteren mei 2-0 fan Stevo. Age Heins Boersma makke yn de 27e en yn de 70e minút de beide doelpunten foar de Snitsers.

De oare sneinshaadklasser, De Jouwer, ferlear mei 5-1 fan koprinner De Treffers. Op in wat knullige wize kaam De Jouwer mei 2-0 efter. Anne Hornstra makke noch wol in doelpunt foar de Jousters. De Jouwer wie benammen yn de twadde helte ek de bettere ploech, mar ferlear wol mei 5-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)