Snits: wenje boppe winkels

17 jun 2009 - 10:52

It moat yn Snits makliker wurde om boppe in winkel te wenjen. De gemeente, wenningstiftingen Accolade en De Wieren, de Vereniging Sneker Zakenlieden en de Stichting Oud Sneek tekenje moandei in konvenant dat dit mooglik makket.

De partijen wolle de wenromtes ferbetterje en wolle ek goedkeape wenten realisearje. De gemeente wurdt it earste oansprekpunt en stelt jierliks 100.000 euro beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)