Snits ûnderút tsjin Achilles '29

05 des 2005 - 10:22

Snits ferlear snein de topper fan Achilles '29 út Groesbeek mei 1-3. Klaas Schotanus rêde de Snitser eare yn in net al te bêste wedstriid. Troch dit resultaat stiet Achilles '29 boppeoan yn de haadklasse. Snits stiet no twadde.

De Jouwer spile yn en tsjin Appingedam. Yn wedstriid om gau te ferjitten spilen de Jousters gelyk. De einstân wie gelyk as de begjinstân: 0-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)