Snits: túnhúskes iepenbrutsen

01 jan 2011 - 16:09

Op it terrein fan in folkstúnferiening yn Snits binne op âldjiersnacht 25 túnhúskes iepenbrutsen. Ut it ferieningsgebou namen dieven in mobile tillefoan mei en waard in brânblusser leechspuite.

It terrein fan de folkstúnferiening is oan de Christiaan Schotanusstrjitte yn Snits. De plysje docht noch ûndersyk nei wat der krekt bard is en besiket mei de eigners fan de túnhúskes in ynventarisaasje te meitsjen fan wat der krekt fernield en stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)