Snits troch, Hark. Boys derút

27 apr 2010 - 22:47
  • Trainer Henk de Jong

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart is troch yn de Noardlike beker. De ploech fan Inne Schotanus wûn yn Emmen hiel knap mei 2-0 fan it sterke WKE. De doelpunten kamen fan Age Hains Boersma en Theo Ydema. Yn de heale finale is Urk 2 de tsjinstanner. Dy ploech wûn mei 2-1 by DIO Easterwâlde.

Regearjend bekerhâlder Harkemase Boys is útskeakele. Op it eigen sportpark waard mei 1-0 ferlern fan Genemuiden troch in doelpunt yn blessueretiid fan Martijn Jansen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)