Snits teloarsteld oer ferkeap

09 des 2006 - 14:46

De gemeente Snits is teloarsteld dat de ferkeap fan hotel Ozinga oan ABC Vastgoed net trochgiet. ABC Vastgoed soe it leechsteande pân mei de gemeente oernimme fan eigner Corporatie Holding Fryslân. It foarriedich kontrakt wie al ûnderweis nei de notaris.

Mar neffens de Corporatie wie de keap noch hielendal net rûn. Hotel Ozinga wie foaral ferneamd fanwege de eardere útbaatster Moeke Jikke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)