Snits ta de bûse foar Azië

31 des 2004 - 14:47

De gemeente Snits hat besletten om foar eltse ynwenner ien euro oer te meitsjen op gironûmer 555 foar de slachtoffers fan 'e seebeving yn Azië. Meiinoar is dat 33.000 euro, want safolle ynwenners hat de Wetterpoartstêd.

Snits is de earste Fryske gemeente dy't posityf reagearret op it fersyk fan 'e gemeente Hoorn om ien euro de ynwenner oan de helpaksje te skinken. Snits hopet dat mear gemeenten dit foarbyld folgje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)