Snits Swart Wyt spilet lyk

11 apr 2010 - 16:29

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat op it eigen fjild mei 2-2 lykspile tsjin Lienden. De Snitsers kamen yn de 12e minút op in 1-0 efterstân. Yn de 50ste minút sette Kassim Bizimana 1-1 op it skoareboerd.

Snits wie yn de twadde helte de bettere ploech. Age Hains Boersma sette de Snitsers op in 2-1 foarsprong. Fier yn de twadde helte makke de ploech fan trainer Hans Kraay jr. de lykmakker. Snits Wyt Swart hat 24 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)