Snits stekt jild yn follybal

08 apr 2010 - 17:19

De gemeente Snits stekt foar ien kear 30.000 euro yn Volleybal Club Sneek. Allinnich sa kinne de froulju fan de klup takom seizoen op it heechste nivo yn Nederlân útkomme. Koartlyn promovearre it team nei de saneamde A-league.

VC Snits hat lykwols te krijen mei weromrinnende ynkomsten fan sponsors en tanimmende kosten. De gemeente fynt it belangryk dat de klup op it heechste nivo spilet en sa de namme fan Snits lânlik promoate kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)