Snits spilet lyk tsjin WKE

27 sep 2009 - 16:18

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart spile op it eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin kampioen WKE út Emmen. Snits kaam yn de earste helte troch in penalty op in 1-0 efterstân. WKE wie baas op it fjild en krige ek wol kânsen op de 2-0.

Klaas Schotanus sette yn de 90e minút mei in prachtige kopbal de 1-1 op it skoareboerd. Snits hat no 9 punten út fjouwer wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)