Snits siket namme foar nije seal

28 des 2005 - 14:12

De gemeente Snits is noch op syk nei in namme foar de nije ûntfangstseal dy't yn de Waltastins oan de Marktstraat komt. Dy seal wurdt ûnderdiel fan it stedhûskompleks. De Waltastins wurdt dêrfoar restaurearre en dat is hast klear, seit de gemeente.

Yn de nije seal is rûmte foar fergaderingen, ûntfangsten en politike gearkomsten. Minsken kinne noch oant 20 jannewaris mei in nije namme foar de seal komme. De winner krijt in priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)