Snits set COA ûnder druk

10 des 2001 - 00:00

De gemeente Snits set it sintraal orgaan foar asylsikers, it COA, ûnder druk. De gemeente wol sa in bettere finânsjele regeling ôftwinge foar it ûnderwiis oan ama's, allinnichsteande minderjierrige asylsikers.

De gemeente wol foarearst de bestjoersoerienkomst mei it COA net ûndertekenje. It ûnderwiis oan de hurd groeiende groep ama's kostet de gemeente in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)