Snits: Sânskulptueren betaaste

06 okt 2013 - 11:31
  • Blyn famke betaast sânskulptuer yn Snits
  • Bline jonge betaast sânskulptuer yn Snits

It sânskulptuere-festival yn Snits is snein spesjaal tagonklik foar minsken dy't blyn binne of min sjen kinne. De pealtsjes, toutsjes, hekwurken en oare hindernissen wurde fuorthelle, sadat de minsken ûnbehindere genietsje kinne fan de sânkeunstwurken. It festival is iepen tusken 10 en 5 oere. It is op it âlde Flexa-terrein yn Snits.

It is de lêste dei dat de keunstwurken der noch steane. It sânskulptuere-festival hat de ôfrûne simmer in protte besikers lutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)