Snits rommet skieppekeutels op

26 maaie 2006 - 10:13

De gemeente Snits sil de oerlêst fan skieppekeutels yn de wyk Dúnterpen oanpakke. De kudde docht yn de Snitser wyk oan saneamd 'ekologysk bjirmbehear'. De skiep hâlde de boel op natuerlike wize koart.

De bewenners binne tefreden oer de skiep, mar se binne net bliid mei de keutels op de dyk. De gemeentlike reiniging sil ynkoarten in kear ekstra komme om de stront op te rêden. Der is boppedat in tydlik stek pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)