Snits pakt winst yn Ealahuzen

26 jul 2013 - 16:32
  • De Sneker Pan

De Sneker Pan hat freedtemiddei mei oermacht de winst by sechsde SKS sylwedstriid by Ealahuzen op 'e namme skreaun. Skipper Douwe Visser kaam goed twa minuten foar de nûmer twa Grou oer de einstreek. De spannende striid om it twadde plak tusken Huzum en Grou waard op it nipperke wûn troch Lodewijk Meeter. Grou hyste lykwols de protestflagge. Dat protest waard takend, wêrtroch't Huzum 14 punten oan 'e broek krige.

Hearrenfean en Wâldsein hiene oer en wer protest tsjininoar yntsjinne en krigen beide 14 punten. De Lemmer moast mei averij opjaan

De útslach fan freed by Ealahuzen:
1. Snits, 2. Grou, 3. Súdwesthoeke, 4. Drachten, 5. De Jouwer, 6. Earnewâld, 7. Boalsert, 8. Heale Moanne, 9. Langwar, 10. Ljouwert, 14. Wâldsein, 14. Hearrenfean, 14. Huzum, 14. De Lemmer (averij).

It klassemint nei Ealehuzen:
1. Boalsert (9,9), 2. Grou (10,9), 3. Snits (13,9), 4. Drachten (15), Langwar (15), 6. De Jouwer (17), Earnewâld (17), Ljouwert (17), 9. Súdwesthoeke (22), Hearrefean (22), 11. Huzum (22,9), 12. De Lemmer (23), 13. dÆHeale Moanne (27), 14. Wâldsein (28).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)