Snits moat beammen gau kappe

11 mrt 2008 - 12:18
  • Beammen moatte wike....
  • foar Van der Valk-hotel

De gemeente Snits hat noch mar fiif dagen om it kappen en ferpleatsen fan 21 beammen yn it Rasterhofpark foarelkoar te krijen. Dan begjint nammentlik it briedseizoen en mei net mear yn it natuergebiet wurke wurde.

Moandei krige de gemeente fan de besjoersrjochter tastimming om mei it wurk te begjinnen. De fûgelwacht yn Snits hie de rjochter frege it wurk tsjin te hâlden omt der seldsume flearmûzen sitte soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)