Snits lyk, De Jouwer ferliest

17 sep 2006 - 17:59

Yn de sneinshaadklasse C binne Snits en De Jouwer beide net ta in oerwinning kaam. Snits spile thús mei 0-0 lyk tsjin SC Enschede. Dêr wiene de Snitsers it meast tefreden mei, want de bêste kânsen wiene foar de besikers.

De Jouwer ferlear ek de twadde wedstriid fan it seizoen. Yn Meppel waard it 3-1 foar MSC '29. Oane Hornstra makke de iennichste goal foar de Jouwer fanôf de penaltystip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)