Snits lûkt folle mear boaten

10 aug 2009 - 17:11

Snits belibbet op toeristysk mêd in topjier. Oant no ta hawwe mear as 62.000 boaten gebrûk makke fan 'e gemeentlike jachthaven en de lisplakken yn de stêd en dat is 15 persint mear as yn 2008.

Yn 'e sifers binne de oernachtings yn de partikuliere jachthavens noch net meiteld. Ek de Snitswike luts folle mear besikers as ferline jier. Mei-inoar kamen der ferline wike in lytse 2500 boaten nei de gemeentlike foarsjennings; in taname fan 20 %.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)