Snits lilk op WoonFriesland

05 feb 2010 - 14:24

De gemeente Snits giet der net akkoart mei dat WoonFriesland him weromlûkt út 'e bou fan in senioarekompleks op it eardere Thaborterrein. It rêsthûs waard yn 2002 sloopt, want der soe nijbou komme. WoonFriesland hie dêrfoar de grûn kocht. De gemeente hat in soad tiid stutsen yn 'e plannen foar de nijbou.

De wenningboukorporaasje seit no gjin jild te hawwen foar de nijbou. De gemeente fynt dat ûnakseptabel en wol der mei de korporaasje oer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)