Snits lilk op Rhythm Stars

15 okt 2008 - 09:58

Wethâlder Van_den_Broek fan Snits is lilk op de Showband Rhythm_Stars. Neffens de berjochten soe de klub net mear bestean, mar de gemeente wit fan neat. De gemeente moat noch jild ha fan Rhythm Stars. Oare skuldeaskers ha wol jild krigen.

Op de likwidaasjegearkomste is in oar bestjoer keazen en dat bestjoer soe it jild fan Rhythm Stars meinimme wolle nei in oare feriening. In jurist fan de gemeente sil de saak útsykje en it jild werom helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)