Snits krijt Van der Valk-hotel

15 okt 2005 - 08:28

Der binne plannen foar in Van der Valk-hotel yn Snits. It moat komme oan de râne fan it Rasterhoffpark. It hotel krijt 120 keamers en der is wurkgelegenheid foar goed 100 minsken.

De gemeente Snits is wiis mei de nije banen. Boppedat ferwachtet de gemeente ek noch ekstra wurkgelegenheid troch de komst fan mear hotelgasten nei de stêd. Foar de bou fan it hotel is in bedrach fan 12,5 miljoen euro nedich. It nije hotel soe yn 2008 iepengean moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)