Snits krijt stedswimpel

19 sep 2007 - 06:42

De Snitser gemeenteried wol in wimpel mei de Snitser kleuren swart en giel en net mei blau en giel, sa as de Fryske Ried foar de Heraldyk útsteld hie. Dy kleuren binne ek yn de measte oare Fryske stedswimpels werom te finen. De PvdA-fraksje en letter de FNP sprutsen harren lykwols út foar swart-giel, de Snitser kleuren.

Nei stimming wurdt it in giel-swart wimpel mei it wapen fan de stêd derop. De FNP woe it wapen derop hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)