Snits krijt gjin stedstoer

08 aug 2012 - 15:49
  • De toer hie by dizze tsjerke komme moatten

De plannen foar de bou fan in 72 meter lange stedstoer yn Snits geane yn de kuolkast. De stielen toer soe by de Sint Martinustsjerke komme te stean, mar de inisjatyfnimmers krije de finansiering fan 1,2 miljoen euro net rûn. De hjoeddeistige krisis by boubedriuwen en oare ynstellings is it grutte pinepunt. Hjirmei is it plan fan âld-pastoar Leo van Ulden foarearst fan 'e baan.

De kommisje realisatie Stadstoren Snits docht de plannen no yn it laad. As der oer in pear jier wol in jildsjitter komt, geane se wer mei de plannen oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)