Snits kompensearret beammekaap

18 jan 2006 - 15:07

De gemeente Snits docht alle war om mear bosk en oare natuer oan te lizzen by it Burgemeester Rasterhoffpark oan de râne fan de stêd. De gemeente seit dat yn reaksje op protesten fan natuerbeskermingsorganisaasjes tsjin de bou fan in hotel by it park. Der moatte beammen fuort omdat dat hotel der komt, mar ek omdat de rûnwei om Snits hinne op dat plak oanpast wurdt.

Om't Snitsers graach yn it park komme, wol de gemeente har yn de mjitte komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)