Snits klear foar grutte drokte

31 okt 2012 - 17:15
  • Tribunebouwer yn Snits

ONS Snits makket him op foar de bekerwedstriid tsjin Ajax. Der wurde woansdeitejûn 250 Ajaxiden ferwachte dy't mei de auto komme. It is gjin risikowedstriid. De plysje ferwachtet net in soad problemen. Der is ek gjin needferoardering fan krêft.

De oare pleatslike ploech Snits Wyt Swart spilet tongersdeitejûn tsjin AZ. Dy moarns om alve oere iepenet keninginne Beatrix ek noch it nije teater yn 'e stêd. Yn Snits binne se wol it ien en oar wend mei de Snitswike, seit boargemaster Apotheker. Hy tinkt dat it wol goed komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)