Snits is ien fan moaiste stêden

21 okt 2003 - 00:00

De binnenstêd fan Snits is ien fan de moaisten fan Nederlân. De stêd sit by de lêste fjouwer. De winner fan de ferkiezing Beste Binnenstad 2003 wurdt tongersdei yn Madurodam bekend makke.

Mear as hûndert stêden ha meidien oan de ferkiezing. Der wurdt sjoen nei it winkeloanbod, berkberheid en sfear. Snits hat al faker heech skoard op in lanlike ferkiezing foar bêste winkelstêd. It hat grif holpen dat de stêd foar tsien miljoen euro opknapt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)