Snits ferliest mei 5-1 fan WSV

30 mrt 2008 - 16:06
  • Snits hat op it eigen fjild mei 5-1 ferlern

Sneinshaadklasser Snits hat op it eigen fjild mei 5-1 ferlern fan WSV út Apeldoarn. De Snitsers kamen al rap op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Theo_Ydema. Noch foar it skoft makke WSV de lykmakker.

Yn de twadde helte gong it hielendal mis by Snits en makke de ploech út Apeldoarn noch fjouwer doelpunten en stie nei 90 minuten de 1-5 op it skoareboerd. Earder dit seizoen ferlear Snits ek al mei 5-1 fan WSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)