Snits ferliest, H'fean wint

01 nov 2012 - 22:21

SC Hearrenfean is troch nei de folgjende ronde yn de KNVB-beker. De ploech fan trainer Marco van Basten wûn mar krekt mei 1-0 fan de amateurs fan Hollandia út Hoorn. It iennige doelpunt fan de jûn waard makke troch ferdigener Ramon Zomer. Hy skoarde yn de twadde helte út in korner.

AZ hie frijwat minder muoite mei Snits Wyt Swart Boso Snits. It waard al gau 1-0 foar de Alkmaarders en nei it skoft 2-0. Snits like mei in tsjingoal noch foar in ferrassing te soargjen, mar AZ makke dien wurk. It waard 4-1 foar de ploech fan Gertjan Verbeek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)