Snits ferliest follybaltopper

08 des 2013 - 18:05

De follybalfroulju fan Snits kamen snein yn de topper tsjin Alterno krekt tekoart. It waard yn Apeldoorn 3-0 foar de thúsploech mei de setstannen 25-23, 27-25 en 26-24. Sneontejûn hie Snits mei gemak fan dy oare klup út Apeldoorn wûn. Doe waard it tsjin Dynamo ek 3-0 mar mei minder spannende sifers: 25-12, 25-14 en 25-21. Alterno bliuwt koprinner mei 30 punten út alve wedstriden, Sliedrecht Sport folget mei 25 út 9 en Snits is de nûmer trije mei 25 út 11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)