Snits en Sweltsjes útskeakele

04 maaie 2006 - 13:45

Sawol Snits as de Ljouwerter Sweltsjes binne der net yn slagge de heale finale fan de noardlike amateurbeker te heljen. Snits spile op it eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin SC Genemuiden. Der moasten sadwaande penalty's naam wurde. Genemuiden wie dêryn de bettere ploech.

De Ljouwerter Sweltsjes ferlearen út by Appingedam mei 2-0. Nije wike stiet de heale finale tusken Harkemase Boys en Appingedam op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)