Snits en De Jouwer ferlieze

11 mrt 2007 - 16:41
  • Rohda skoart tsjin De Jouwer (foto Martin de Jong)

Fuotbalklub De Jouwer sit noch hieltiid yn swiere degradaasjesoargen. De Jousters ferlearen yn de sneinshaadklasse thús mei 1-0 fan Rohda Raalte. Velderman makke in kertier foar tiid de iennichste goal. Trochdat MSC in punt pakte, stiet De Jouwer no lêste.

Snits ferlear yn Groesbeek mei 1-0 fan De Treffers. By rêst wie de stân noch 0-0. Snits is no tsiende mei tweintich punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)