Snits ek sûnder V&D yn trek

11 mrt 2005 - 10:47

It winkeljend publyk komt noch hieltyd graach yn Snits, sa konkludearret de CHN yn Ljouwert. De gemeente tocht dat de ynteresse minder wie nei de sluting fan V&D. Ut it ûndersyk fan de hegeskoalle docht lykwols bliken dat it regionale belang fan Snits tanommen is.

Net dat der mear minsken nei de stêd takomme, mar it effekt fan de opheffing fan de Snitser V&D wie net sa grut as tocht. Der moatte wol mear parkearplakken komme yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)