Snits earste by Terherne

03 aug 2006 - 12:18

It skûtsje fan Snits kaam woansdei as earste oer de streek op de mar by Terherne. It skûtsjesilen wie boeiend om te folgjen, om't de float byinoar bleau. Dêrtroch ferskode de folchoarder by elk krúsrek opnij. De flagerige wyn en de betiden swiere buien spilen dêr ek in rol yn.

Lemmer en Ljouwert einigen achteryn, wylst dêr wol wat mear fan ferwachte waard. Grou en Snits fiere no it klassemint oan, Huzum stiet lêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)