Snits: bytsje skoalferlitters

24 des 2008 - 10:02

Súdwest-Fryslân rint foarop yn de oanpak fan learlingen dy 't te betiid ophâlde mei skoalle. It tal skoalferlitters is yn skoaljier 2006-2007 mei 18 prosint ôfnommen. Dat makke Littenseradiel tiisdei bekend.

Acht gemeenten yn de Súdwesthoeke wurkje gear. Learlingen dy't te betiid mei skoalle ophâlde, wurde allegearre by in koördinaasjepunt oanmelden. Dêrnei is der in grut ferskaat oan ynstânsjes en minsken dat klear stiet om te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)