Snits bliid mei plan VVD & FNP

10 jun 2008 - 09:52

De gemeente Snits is bliid mei de plannen fan de VVD en de FNP yn Provinsjale Steaten om in subsydzje fan 2 miljoen euro mooglik te meitsjen foar it nije teater. Earder waard deputearre De_Vries al trije kear troch de steatekommisje mei it teaterplan weromstjoerd, omdat de ûnderbouwing net doge soe.

De VVD en de FNP seine moandei dat se op 25 juny mei in amendemint komme wolle. Dan wurdt it teaterplan yn Provinsjale Steaten bepraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)