Snits betinkt mei stiennen

17 apr 2009 - 09:31

Yn Snits komme 'strukelstiennen' te lizzen om de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch te betinken. De stiennen wurde dellein foar de huzen dêr't Joaden wennen dy't de oarloch net oerlibben. Snits is de earste Fryske gemeente dy't op dizze wize de slachtoffers betinkt.

De earste acht stiennen wurde nije wike dellein by de âlde wenten fan de famylje Pino. De stiennen binne 10 by 10 sintimeter en ha in plaat mei dêrop de namme, de bertedatum en it stjerplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)